jun 102011
 

RAUZER FERTROUT POLIZEI NET

NAAIT DE DUTSKE ANWB OM FIERDER TE KINNEN

SPYLET TE HURD FOAR DUTSKE KROECH

Woansdei 10 juni,

Update fanút Dachau (7 km fan München). Nei ús close
encounter mei it swyn binne we ôfset nei in leuke camping om wat by te kommen.
Hjir ha we midgetgolf spyle omt Douwe eins in grutte dwerg is. Nei in goeie
nacht rêst ha we dizze rimpelsauriërs camping efter litten en riden we troch
Strassbourg nei Dútslân. Hjir flakby Stuttgart woene we ite op in parkeerplak
mar de gaspit wie ferstopt. Eric hat ferfolgens op advies fan Douwe nasi makke
op de BBQ. Dit duorre 2 oeren doe waard it tjuster en gooie Gluten Erik de doar
fan ‘e auto op slot mei de sleutel / kai dêr noch yn. De dútske ANWB hat ús bus
iepenbrutsen. No sjen wêr de rekken hinne giet want net ien is lid ;) . De hiele
nacht ha we trochriden en de spanning run heech op yn de Alpen tusken de oars
sa dikke maten. Nei in pittig gesprek wie it wer goed en ha we de bus nêst de
burgerking del setten. Jort en Douwe ha yn de iepen loft slipt en de rest yn de
bus. De oare dei betiid fertrokken en doe ha wy earst by it konsentraasjekamp
Dachau weest om net allinich mar flauwe dingen te sjen en út te heljen mar ek
even in serieus ûnderwerp yn ús trip te hawwen. No stean we tusken Dachau en
München op de camping. Hjuster ha we de stêd yn weest en spyle yn in
karaokebar. Nei 5 nûmers moesten we al ophâlde om it lûd fierste hurd wie haha.
Super moai. Op de weromreis nei de camping riden twa mannen (type New kids)
nest ús en seachen steeds de bus yn. In swaailjocht gong oan en we moasten
stopje. We hiene it idee dat it boeven wiene diet ús eryn luize woene dus we
diengen de doar net iepen. Ek wol ris leuk om snoeihurd ‘papieren’ tsjin de
plysje te raazen. It dútske plysjepapierke wie net hiel oertsjoechend en sa ha
we in pear minuten tsjin elkoar raast. Evert en Douwe woene papieren sjen en
Eric raasde wêr de uniformen wiene. Pas doe ien fan de mannen syn pistool sjen
liet binne Evert en Jort mar útstapt. De papieren wiene goed en Jort kaam
fansels troch de blaastest. De plysjeman stûng helaas net ta dat hy filme
waard. Nei in fraach oer drugs (hoe ken it ek oars mei in Nederlânsk kenteken)
ha se ús eskorteerd nei de kamping. Jort ride noch hast de plysjeauto oan mar
úteindelik wie it ein goed al goed en ha we wer in knotsgekke jûn hân.

 

Rauze!

jun 092011
 

 

jun 082011
 

RAUZER OANFALLEN TROCH EVERSWYN

Woansdei 8 juni,

Update fanút in plakje drekt ûnder Nancy. Sneon yn Scooters
wie elts al sa mei syn holle yn België en sa dat it spyljen wat stroefjes gong.
We binne drekt trochgean om in oer as 5 moarns richting België. Dêr kamen we om
10 oere in Gent oan en ha we earst mar even crasht yn ‘e berm. Jûns ha we geweldich spyle yn de
Abacho bar. Hjir spylen we wer sa as it heard. Dêrnei mei in stel wifen
en de jongens fan de bar yn in biercafé sitten. Dit waart Eric en Evert hast
fataal. Wegens ûnderskatting fan it superswiere st. Bernardus bier. Nachts ha
Jort en Eric fet relaxt yn de bêd en brochje fan de barjongens slipt en de rest
by dizze mannen thús. Hjir is Evert noch betast.. (gewoan wachtsje op it filmke
;) ). Op moandei binne we fia Luxemburg nei Nancy riden. Sûnder tom tom wie dit
hast net te dwaan. We kamen fierste let oan en moesten yn in graanfield sliepe.
Hjir waarden we oanfallen troch in wyld swyn. Klote beest. No stean we lekker
op de camping. Oant letter..

Rauze!